Bibel yn it Oertsjongersk

woansdei 12 maaie 2010

WOLVEGEA – Hjoed wurdt de Oertsjongerske oersetting fan de Bibel presintearre. Oersetter Piet Bult en korrektor Frank de Vries hawwe seis jier lang yn it spier west om de tekst oer te setten. Neffens Omrop Fryslân hat er dêr in bysûndere metoade foar brûkt: hy tikke tritichtûzen Stellingwerver wurden op ‘e kompjûter yn en liet de kompjûter earst in rûge oersetting út it Hollânsk wei meitsje. Dy hat er doe behoffene. De earste printinge bestiet út 750 stiks.

Der is hjoed in program om it ferskinen fan de bibeloersetting hinne yn it gemeentehûs yn Wolvegea. Boargemaster Gerard van Klaveren kriget dêr it earste eksimplaar. Dêrnei binne der lêzingen en diskusjes mei ûnder oaren Anne van der Meiden, dy’t in Twintske bibeloersetting makke hat. It program rint fan 15.00 oant 17.00 oere.

Klik hjir om it program fan de middei nei te lêzen op de site fan Ensafh.

Ek sjen:

  1. FNP brûkt Biltsk en Oertsjongersk LJOUWERT – Teksten fan de FNP wiene yn guon ôfdielings...
  2. Brit moast op Bibel swarre KOPENHAGEN – De Brit Edward Ashbee mocht net ûnthjitte dat...
  3. Libbene poppe yn pûde fûn WOLVEGEA - In famke út Wolvegea hat sneon tsjin de plysje...
  4. Wolvegea: Soan dolde heit op WOLVEGEA – It stoflik omskot fan de man dy’t snein...
  5. Klassikers yn it Frysk WARKUM – Op freed 17 septimber presintearret útjouwerij Elikser de...

Reacties zijn gesloten.

Realisaasje: Pronamic