Blomkemerk Ljouwert wer drok

tongersdei 13 maaie 2010

De tradisjonele blomkemerk yn de binnenstêd fan Ljouwert luts tongersdei wer tûzenen minsken. Op de Lange Merkstrjitte en de Tesselschadestrjitte hiene tsientallen blommeferkeapers harren guod útstald. Se komme út it hiele lân wei. Sa stie der sels in ferkeaper út Brabân.

Populêr dit jier wiene de strûken foar yn de tún en fruitbeammen. De fioeltsjes en roazen waarden ek goed ferkocht.

(boarne: Omrop Fryslân)

Ek sjen:

  1. Ljouwert hinget Dokkumer op
  2. Prosesje yn Ljouwert
  3. Noflik befrijdingsfestival Ljouwert
  4. Archeologysk stipepunt Ljouwert
  5. Drok, drok en nochris drok

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic