Brún wurde? Yt meloen!

snein 30 maaie 2010

frou_stranBRISTOL – Der sitte al hiel wat minsken noflik yn ‘e sinne om brún te wurden. Dochs is der in makliker en feiliger manier om in kreas brún kleurke te krijen. It iten fan beskate soarten griente en fruit makket nammentlik ek brún.

Meloen, abrikoazen, pipers, woartels en spinaazje dogge it him. Wa’t dêr in soad fan yt, kriget in sûne brune skôging. Dat seit ûndersiker Ian Stephen fan de universiteit fan Bristol. Hy hat frijwilligers op in dieet fan dat itersguod set. It die yn in moanne tiid fertuten. Sterker noch: frijwilligers hawwe it uterlik fan de  proefpersoanen nei fiif dagen dieet ferlike mei dat fan minsken dy’t yn de sinne brún wurden wienen. Se fûnen de kleur fan de griente-en-fruititers helte moaier. Dy hat in goudene gloede, wylst sinnebrún folle donkerder is.

De kleur wurdt opwekt troch in groep fan natuerlike kleurstoffen, de saneamde karotenoïden. Dy binne net allinnich goed foar de kleur, se binne ek goed foar de sûnens, mei’t se skealike stoffen yn it lichem absorbearje.

Ek sjen:

  1. TL-ljocht goed foar griente BELTSVILLE – Minsken dy’t it leafst de griente efter út...
  2. Dommer troch ûngesûn iten BRISTOL – Bern dy’t ûngesûn ite, moatte dat letter yn...
  3. Kofje makket net wekkerder BRISTOL – Kofje makket minsken hielendal net wekker en beret....
  4. Sûkersykte genêze mei grientedieet NEWCASTLE – Sûkersykte is te genêzen. Dat docht bliken út...
  5. Brokkoly tsjin boarstkanker ANN ARBOR – Brokkoly kin tenei wolris in wichtige rol...

Reacties zijn gesloten.

Realisaasje: Pronamic