Bûtenwetter gefaarlik kâld

snein 23 maaie 2010

ferdrinkingsgefaarIt is gefaarlik om no yn bûtenwetter te swimmen. De rêdingsbrigade warskôget minsken dy’t mei it moaie waar in dûk nimme wolle. It wetter hat op it stuit in temperatuer fan sa’n tolve graden. Dat is te kâld foar minsken. Se kinne maklik ûnderkuolle reitsje. Neffens de rêdingsbrigade is it ûnferstannich om it wetter yn te gean op plakken sûnder tafersjoch. Wettersporters moatte beskermjende klean oandwaan.

Ferline jier hat de rêdingsbrigade in protte minsken út it kâlde wetter rêde moatten.

Ek sjen:

  1. Plysje: gean net it wetter op!
  2. Gedrachskoade Iselmar
  3. Tips, it wurdt kâld
  4. Rûnfeartboat fêstrûn op it waad
  5. Lyk yn wetter by Blauforlaet

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic