De Deugd noch deugdsumer
woansdei 5 maaie 2010
Neffens de iepenbiere oanklager fan Virginia is it ieuwenâlde segel fan de Amerikaanske steat te ûnhuer. Op it segel stiet de Deugd yn it stal fan in amazône dy’t in tiran ferslacht. De deugd sjocht derút as in amazône, mei in tunykje dat ien boarst frijlit. Op spjeldsjes dy’t oanklager Ken Cuccinelli foar syn personiel besteld hat, is de Deugd “noch deugdsumer yn bedekkende klean”, sa’t er it sels neamt. Ynstee fan in tunykje hat se in boarstharnas oan.
Yn de media wurdt Cuccinelli de gek oanstutsen. Dy is fan betinken dat it giet om in ûnbelangrike oanpassing en neamt alle opskuor oerdreaun. Syn meiwurkers sizze lykwols dat it sa njonkenlytsen oer de hege skuon rint mei de iepentlike kekenens fan ‘e politike pommeranten yn Amearika.

Cuccinelli syn spjeldsje.
Ek sjen:









Tweets die vermelden De Deugd noch deugdsumer: Neffens de iepenbiere oanklager fan Virginia is it ieuwenâlde segel fan de Amerikaanske ... -- Topsy.com
5 maaie 2010 22:50
[...] Dit blogartikel was vermeld op Twitter door Fryske Beweging. Fryske Beweging heeft gezegd: De Deugd noch deugdsumer: Neffens de iepenbiere oanklager fan Virginia is it ieuwenâlde segel fan de Amerikaanske … http://bit.ly/9OB4ra [...]