Ferbjustering oer oanhâlding
moandei 10 maaie 2010DE WESTEREEN – Fuotbalferiening De Westereen is ferbjustere oer de oanhâlding troch de plysje fan in 18-jierrige jonge út Damwâld. Hy soe belutsen wêze by de geweldsynsidinten yn it wykein fan 17 en 18 april by Club Q yn Noardburgum. Dêrby kaam de 16-jierrige Redmar Smedema út Burgum om it libben en rekke de 20-jierrige Gerard Dijkstra swier ferwûne.
De Damwâldster spilet by fuotbalferiening De Westereen en wurdt noch heard troch de plysje. Neffens foarsitter Klaas Hoekstra fan de fuotbalklub stiet de 18-jierrige jonge bekend as tige rêstich en hy kin him dan ek net yntinke dat de plysje no de goeie te pakken hat.
(tekst fan Omrop Fryslân)
Ek sjen:
- Wer fertochte yn saak Quatrebras DE WESTEREEN - De plysje hat hjoed in tweintichjierrige Westereintsjer oanholden....
- Wer fertochte Quatrebras-saak De plysje hat tiisdei in santjinjierrige jonge út Feanwâlden oanholden....
- Arrestaasje yn saak Quatrebras LJOUWERT – De plysje hat hjoed in achttjinjierrige Damwâldster oppakt....
- Mear oer de dea fan Redmar QUATREBRAS – De dea fan Redmar Smedema koe wolris net...
- Wer in rare Noar oppakt OSLO – De Noarske plysje hat freed in 33-jierrige man...









Tweets die vermelden Ferbjustering oer oanhâlding | It Nijs -- Topsy.com
11 maaie 2010 00:26
[...] Dit blogartikel was vermeld op Twitter door Tytsjerksteradiel. Tytsjerksteradiel heeft gezegd: It Nijs: Ferbjustering oer oanhâlding http://bit.ly/a1fAWg [...]