Froulju skilje mei bromstim
freed 28 maaie 2010READING – As froulju in tillefoanpetear fiere mei ien op wa’t se yndruk meitsje wolle, dan brûke se in djipper lûd as oars. Dat jildt net inkeld yn sakerelaasjes, mar ek as se prate mei in man dêr’t se in sin by hawwe of gewoan as se sjanse.
Dat froulju oan de telefoan in bromstim brûke, is in ûntdekking fan in ploech wittenskippers fan it Amerikaanske Albright Institute. Undersyksliedster Susan Hughes seit dat froulju oer de telefoan mei har stim boartsje omdat it dan net mooglik is om bygelyks te knypeagjen of te glimkjen. Neffens frou Hughes giet it om ûnbewust gedrach.
Ek sjen:
- Frou hâldt fan bromstim CAMBRIDGE – Memmen hâlde fan manlju mei in hege stim....
- Froulju kinne in dripper rûke NOVOSIBIRSK – Froulju kinne rûke oft manlju de sykte gonorroe...
- Froulju, manlju en djoere auto’s HOUSTON – In djoer horloazje of in sportauto makket in...
- Kreaze froulju binne gefaarlik FALENSIA – Kreaze froulju binne gefaarlik. Manlju dy’t fiif minuten...
- Froulju lilk om sliepende man LONDEN – Froulju dy’t net sliepe kinne, binne echte kringen....









