Gedicht: nijbou
sneon 22 maaie 2010Ut en troch ferskine gedichten fan my op de side fan It Nijs. Ik tink dat myn fersen sawol serieus as boartlik wêze kinne: earnst mei in knypeach om my. Lês mar ris fierder.
Bauke Miedema út Menaam.
wij hawwe ’t fûn
ús nije hûs
mei grûn
yn ’t rûn
it túntsje foar
sil sûnder túch
sil sûnder gers
in eigen hûs
jout sa al
soargen bij de rûs
sjoch ik in raai
tusken de tegels
dan gryp ik grif nei gif
myn leafde foar natoer
giet oars perfoast noch oer
it plastic eintsje bij de fiver
bliuwt noflik sitten dêr ’t er sit
de keunststofbreedbekkikkert
ik hâld fansels fan keunst
dy kweaket lûdleas yn it grint
en liket hieltyd mear
op ’t bistke fan ús leave hear
sjoch no ris oan
dit is it túnkjen mei ferstân
dit is natoer op mjitte
ik hoech gjin grien
ik fal op stien
au
Ek sjen:
- Gedicht: It Doarp troch Karel Pander In bydrage út doarpskrante ‘De Rabbelskûte’. De tekst is makke...
- Gedicht: Op de bleate Ut en troch ferskine gedichten fan my op de side...
- Gedicht: It labyrint Ut en troch ferskine gedichten fan my op de side...
- Gedicht: Lokkich Ut en troch ferskine gedichten fan my op de side...
- Gedicht fan Henk Veenstra Ek dit gedicht is fan Henk Veenstra. Út en troch...








