Gjin ramp troch boarsten

snein 2 maaie 2010

boarstenDer hat fan ‘e wike gjin ierdskok west. Dat bewiist dat boarsten gjin ierdskok teweibringe. Hûnderttûzenen froulju hawwe de ôfrûne dagen nammentlik harren boppe-ein ris flink de romte bean.

Oanlieding wienen útspraken fan de Iraanske moslimgeastlike Hojateslam Kazem Seddighi. Dy hie okkerdeis beweard dat de ierdskokken fan de lêste tiid it gefolch wienen fan froulju dy’t der net kein genôch by rûnen. De ierdskokken soenen teken wêze fan Allah syn lilkens dêrom. Wat in flauwekul, tocht de Amerikaanske studinte Jennifer McCreight. Se rôp op har website op ta Boobquake. Ofrûne wike moasten froulju rûnom op ‘e wrâld mei sa min mooglik tekstyl oan de dyk op gean en de boarsten ris flink bewege litte. De respons wie ûnbidich. Allinnich al fia de website hienen mear as 150 tûzen froulju harren meiwurking tasein.

Ek sjen:

  1. Bêdridich troch tynde boarsten LIMA – In frou út Perû hat troch in seldsume...
  2. Allah lit ús gewurde TEHERAN – Allah hat alle hope mei it westen oerjûn....
  3. Kanker troch boarstfergruttings Sa’n tritichtûzen Frânske froulju mei boarstfergruttings moatte fannijs operearre. De...
  4. Arabyske froulju driigje mei boarsten RIAAD – Men moat it islamitysk rjocht fansels net altyd...
  5. Bangkok faai troch wettersneed BANGKOK – Troch oanhâldende swiere reinbuien streame yn Tailân rûnom...

1 reaksje op “Gjin ramp troch boarsten”

  1. [...] Dit blogartikel was vermeld op Twitter door Fryske Beweging. Fryske Beweging heeft gezegd: Gjin ramp troch boarsten: Der hat fan ‘e wike gjin ierdskok west. Dat bewiist dat boarsten gjin ierdskok teweibrin… http://bit.ly/b1Irix [...]

Realisaasje: Pronamic