Hate
moandei 10 maaie 2010Ik kin net leauwe dat der sa’n soad minsken binne dy’t my haatsje, sa as ús heit my hatet, myn broers, myn styfmem en myn skoansuster.
Ik kin net leauwe dat de misdieden dy’t sy my oandogge foar altyd in geheim bliuwe sille omdat gjinien sa dapper is dat er doart de sizzen hoe’t it sit, útsein iksels.
Yn myn ferhalen op www.klaskehiemstra. nl sit mear wierheid as ik sizze kin.
As ik aloan ferlies, gean ik kapot oan de hate dy’t ik fiel.
Wie de dood vreest is een lafaard, en dêrfoar bin ik dan ek net bang.
Mar ik wol net dat de hate myn libben noch fierder oeral hellet.
Gean stean en fertel jim ferhaal.
Ik winskje jim alle moed om nei bûten te bringen wa’t it wienen dy’t jim oanset ha ta ferkearde dingen oangeande myn persoan.
En doch it gau, dan kinne wy noch hiel wat jierren meielkoar laitsje om de lytse minsken dy’t tochten dat se winne koenen..
Klaske Hiemstra
Ek sjen:
- Frijspraak foar Geert Wilders AMSTERDAM – De Nederlânske politikus Geert Wilders hat him net...









Tweets die vermelden Hate | It Nijs -- Topsy.com
10 maaie 2010 13:50
[...] Dit blogartikel was vermeld op Twitter door Fryske Beweging. Fryske Beweging heeft gezegd: Hate: Ik kin net leauwe dat der sa’n soad minsken binne dy’t my haatsje, sa as ús heit my hatet, myn broers, myn s… http://bit.ly/bpk3fU [...]
K. Koopmans
10 maaie 2010 17:15
Ik ken Klaske Hiemstyra as in goed minske en in treflike skriuwster.
Ik ken ek har fijannen, respektleaze minsken, dea- en deabenaud dat de wierheid boppe wetter komt.
Sa lang as har fijannen de macht ha, sille de tsien manuskripten dy’t Klaske yn har laad lizzen hat, en dy’t smeekje om lêzers, nea publisearre wurde. En as dat har al slagget, sil se noait de earlike kritiken krije dêr’t se rjocht op hat.
Klaske, set troch. Ik sil der altyd wêze om dy te stypjen. Wy yn ús famylje, wy jouwe net op. En de dea hawwe wy al sa faak yn ’e eagen sjoen, dat seit ús allang neat mear.