Heilsum hânwaskjen

freed 7 maaie 2010

harsensANN ARBOR – Hânwaskje nimt twivelriedigens wei. Wa’t hânwosken hat, stiet by de kar dy’t er dêrfoar makke hat. Dat docht bliken út ûndersyk fan de Spike Lee en Norbert Schwarz, wittenskippers oan de universiteit fan Michigan.

Lee en Schwarz joegen harren proefpersoanen de kar út twa muzykskyfkes. Dêrnei waarden se frege om harren oardiel oer in flesse mei sjippe. Guon krigen de opdracht de flesse te beoardieljen, oaren moasten mei de sjippe hânwaskje.

Ornaris beare minsken o sa fan wat se keazen hawwe en dogge se wat skealik oer datselde dat se ôfkard hawwe. Dat ferskynsel hjit fan kognitive-dissonânsjereduksje. It komt trochdat minsken de gedachte dat se foar wat ferkeards keazen hawwe of wat goeds ôfwiisd hawwe net ferneare kinne. Dêrom passe se harren oardiel oan by harren kar.

De proefpersoanen dy’t de sjippeflesse beoardiele hienen, lieten sa’t dat te ferwachtsjen wie kognitive-dissonânsjereduksje sjen: de cd dy’t se keazen hienen, neamden se folle moaier as de cd dy’t se lizze litten hienen. Dat gou aparternôch net foar de minsken dy’t der mei in trúkje ta beweegd wienen en meitsje de hannen skjin.

Nei it niis beskreaune ûndersyk hawwe de ûndersikers it nochris op in manier dien. Doe moasten de proefpersoanen kieze út twa potsjes sjem. Guon waarden der dêrnei ta beweegd om in doekje te probearjen troch de hannen dermei skjin te wriuwen. De befinings wienen gelyk oan dy fan it oare ûndersyk: kognitive-dissonânsjereduksje ferdwûn nei’t de hannen skjinmakke wienen.

It wie al bekend dat minsken har minder skuldich fiele as se harsels wosken hawwe. Dat it ek twivel weinimt, is nij.

Ek sjen:

  1. Unwisse minsken wolle oertsjûgje
  2. In sêfter aard op in sêfte stoel
  3. Diskriminaasje makket siik
  4. It ferstân moat foarop
  5. Ferstanniger troch depresje

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic