it boatsje en de tiid

tiisdei 4 maaie 2010

Yn Folsgeare wennet byldend keunstneresse Clasina Flapper, berne 8 maaie 1959.
Fan bern ôf hat se boarte mei potleaden, klaai en oar boartersguod dêr’t wat fan te meitsjen wie. Letter hat se karakterpoppen makke, eat dat se no trochset yn it portret boetsearjen.
In kleure-oplieding joech har de gelegenheid om mear kleur te bringen yn it libben en yn har keunst.
Omdat Clasina har hieltyd troch ûntwikkelet, hat se har ek talein op de byldhoukeunst.
Ien fan de moaiste bylden fyn ik sels dat fan in frou dy’t yn in boat sit, en har skrep set om dêr net út te fallen.
It ferbyldet it gefoel dat in minske bekrûpe kin, dat de tiid sa hurd fljocht dat men it hast net by poatsje kin. Mar spannend is it wol. De frou yn de boat sjocht foarút en strielet út folop te libjen.
Guon sjogge yn it byld in reaksje op it jiertal 2012. Dat is it jier dêr’t âlde kalinders lykas fan de Maya’s mei ophâlde. Mooglik begjint der dan in nij, moaier tiidrek foar de minsken op ierde. Foar wa’t mear witte wol fan Maya 2012: der binne spesjale aktiviteiten om dit tema hinne yn de maaiefakânsje (1-16 maaie) yn it Museum Volkenkunde fan Leiden.
Wa’t mear witte wol fan Clasina Flapper, dy kin sjen op har webside www.clasinaflapper.exto.nl.

Troch: Klaske Hiemstra.
13984758_Apocalypse[1]

Ek sjen:

  1. Gedicht: Tiid
  2. Gedicht: tiid
  3. 200 boaten fêst op de Ryn
  4. Hynstekop út Romeinske tiid
  5. Deaden nei it sinken fan boat

1 reaksje op “it boatsje en de tiid”

  1. [...] Dit blogartikel was vermeld op Twitter door Fryske Beweging. Fryske Beweging heeft gezegd: it boatsje en de tiid: Yn Folsgare wennet byldend keunstneresse Clasina Flapper, berne 8 maaie 1959. Fan bern ôf h… http://bit.ly/9PMlPY [...]

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic