Kamera’s út ‘e Keamer!
freed 28 maaie 2010
De ferkiezingsdebatten binne diskear mar wakker rûch. Der wurdt lûd roppen en partijen moatte gauris wat weromnimme. Sa witte de kiezers net mear wêr’t se oan ta binne en wankt it gefaar fan tanimmende sosjale spanningen.
Ien en oar is neat oars as in ôfspegeling fan wat der yn ’e Twadde Keamer bart. Dêr wurdt sa stadichoan ek mear op lytse suksessen en handige praterij wurke as op echte resultaten. Dat is faak ek de oanlieding fan de ferskriklik gearstalde regelingen dêr’t wy as earme boargers oan foldwaan moatte.
Dêrneffens is de gemeenteried in uterst heechsteande en effektive ynstelling, dy’t de saken foar de boarger folle better regelje kin. De oarsaak dêrfan is, dat in riedsgearkomste folle minder publike belangstelling lûkt en dus rêstich trochwurkje kin. De Keamerdebatten komme lykwols gauris op ‘e TV en binne ‘live’ op ynternet te folgjen. http://www.tweedekamer.nl/vergaderingen/livedebat/index.jsp
Ik tink dat dat mar gau wer út wêze moat. Wy moatte ús keazen fertsjintwurdigers mar rêstich fertrouwe en oan de resultaten sjogge wy dan wol wat se derfan bakt hawwe. Oer fjouwer jier kinne wy harren dan altyd noch fuortstimme. En it opwekken fan ynteresse foar polityk is fansels in goede saak, mar dan moat it net op dizze wize. In sterke keamerfoarsit(s)ter soe der nammers ek al gâns oan dwaan kinne.
Pyt
Ek sjen:
- De Keamer fan Keaphannel oerstallige lúkse Hjoed steane de Keamers fan Keaphannel yn de skynwerper. It...
- FNP yn oerlis mei Twadde Keamer oer plannen EU LJOUWERT – Kommende tongersdei (1 desimber) sil FNP-Steatelid Sybren Posthumus...
- Keamer: sparlean opnimme DE HAACH – In Keamermearderheid fan VVD, PvdA, CDA en...
- Stimwizer Earste Keamer DE HAACH – Op 2 maart binne yn alle Nederlânske...
- Twadde Keamer minachtet ek de PVV-stimmers De sloppe opposysje yn de Twadde Keamer minachtet de PVV-stimmers...








