Kampanje tsjin amtsgebed
moandei 17 maaie 2010LONDEN – De NSS (National Secular Society) begjint in kampanje tsjin it Britske amtsgebed. Gemeenteriedslid Clive Bone wol net twongen wurde om te bidden. Bone, lid fan de gemeenteried yn Bideford, hat in útstel dien om it amtsgebed op te heffen, mar hy krige dêr net in riedsmearderheid foar. Dat wie foar de NSS oanlieding om yn it hiele Feriene Keninkryk in kampanje op te setten.
Lord Carey, de eardere aartsbiskop fan Canterbury, hat him yn de media lilk oer de aksje fan Bone en de kampanje fan de NSS útlitten. Hy neamt it in minskerjocht om te bidden. Bone jout de biskop gelyk en seit: “Godstsjinst in in minskerjocht, krekt lykas fuortplanting. Mar dat dogge wy ek net yn in gemeenteriedsgearkomste.”
It amtsgebed yn Bideford wurdt soms laat troch dûmny Paul Martin. Dy is it iens mei de NSS. Hy seit: “Ik ha der gjin ferlet fan om minsken in gebed troch de strôt te drukken.” Hy hat syn meiwurking oan it amtsgebed opsein en stelt as alternatyf út dat er foar of nei de riedsgearkomste – en dus net as ûnderdiel dêrfan – in gebed organisearret. Gemeenteriedsleden kinne dan sels útmeitsje oft se meidwaan wolle.
Klik hjir foar mear ynformaasje oer de kampanje fan de NSS.
Ek sjen:
- Britsk amtsgebed bliuwt LONDEN – De Britske minister fan ynlânsk bestjoer Eric Pickles...
- Kampanje foar de Dútske taal AMSTERDAM – It giet net goed mei de kennis fan...
- Britten tsiere no wer om skoalgebed LONDEN – Grut-Brittannië wrakselet mei syn kristlik erfskip. Ferline jier...
- De FNP-kampanje fan start Grutte Pier hat yn syn eigen wenplak Kimswert de ferkiezingskampanje...
- Kampanje foar aardiger Nederlân De ‘Stichting Ideële Reklame’ (SIRE) lansearret tiisdei in kampanje foar...








