Kreaze froulju binne gefaarlik
moandei 3 maaie 2010
FALENSIA – Kreaze froulju binne gefaarlik. Manlju dy’t fiif minuten mei in tsjeppe frjemdlinge yn in keamer binne, ûnderfine al safolle stress dat it hert derûnder te lijen hat. Dat docht bliken út ûndersyk fan de universiteit yn Falensia.
Manlju dy’t tinke dat se net nijsgjirrich genôch binne foar de frou, binne der it slimst oan ta. De stress dêr’t sy mei oanhelle binne, is slimmer as dy fan ien dy’t ta in fleanmasine út springt. Hja hawwe safolle kortisol yn ‘e lea dat se it risiko rinne op in hertoanfal of in oerhaal.
Tefolle ferbliuw yn ‘e buert fan kreaze froulju kin de manljuslea opskypje mei sûkersykte, spiersykten, groanyske hege bloeddruk en in pileman dy’t tsjinst wegeret, sa sizze de ûndersikers.
Klik hjir om mear oer it ûndersyk te lêzen yn de Daily Mail.
Ek sjen:
- Froulju, manlju en djoere auto’s HOUSTON – In djoer horloazje of in sportauto makket in...
- Froulju kinne in dripper rûke NOVOSIBIRSK – Froulju kinne rûke oft manlju de sykte gonorroe...
- Froulju wurde gleon fan segrinige manlju VANCOUVER – In glimk makket in man net oantreklik. Froulju...
- Froulju lilk om sliepende man LONDEN – Froulju dy’t net sliepe kinne, binne echte kringen....
- Frou hâldt fan bromstim CAMBRIDGE – Memmen hâlde fan manlju mei in hege stim....








