Libris Literatuurprijs foar Dewulf

moandei 10 maaie 2010

BernardDewulfAMSTERDAM – Bernard Dewulf hat de Libris Literatuurprijs 2010 wûn foar it boek Kleine dagen. De priis is fyftichtûzen euro grut.

Sjueryfoarsitter Hans Wijers neamde it boek fan Dewulf in “stilistisch kroonjuweel”. De sjuery neamt it boek, in bondel fan snipels oer de dingen fan ‘e dei, “een fascinerende schildering van de evolutie van het samenleven in een gezin. Het zijn de beste schrijvers die geen kosmische thematiek nodig hebben om te schitteren, en om door te dringen tot de essentie van ons bestaan.”

De Flaming Bernard Dewulf (sjoch foto) debutearre yn 1996 mei it boek Waar de egel gaat. Dêr krige er de Flaamske Debuutprijs foar. Hy is 50 jier en wurket yn Flaanderen as sjoernalist, kollumnist en skriuwer.

De oare skriuwers fan wa’t in boek nominearre wie, binne Marie Kessels, Mensje van Keulen, Walter van den Broeck, Marie Kessels, Tom Lanoye en Peter Terrin.

Ek sjen:

  1. Libris-skiednispriis foar Jaap Scholten
  2. AKO Literatuurprijs foar Marente de Moor
  3. AKO Literatuurprijs: Van Reybrouck
  4. Librispriis foar Yves Petry
  5. Tiplist AKO Literatuurprijs 2011

1 reaksje op “Libris Literatuurprijs foar Dewulf”

  1. [...] Dit blogartikel was vermeld op Twitter door Fryske Beweging. Fryske Beweging heeft gezegd: Libris Literatuurprijs foar Dewulf: AMSTERDAM – Bernard Dewulf hat de Libris Literatuurprijs 2010 wûn foar it boek… http://bit.ly/dsJGlt [...]

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic