Minske-offers yn grêftombe
tiisdei 18 maaie 2010CHIAPA DE CORZO – Argeologen yn Meksiko tinke dat se de âldste grêftombe fan Midden-Amearika fûn hawwe. De tombe yn de súdlike dielsteat Chiapas is nei skatting sa’n 2700 jier âld. Dat is neffens de argeologen tûzen jier âlder as de grêven fan de Maya’s.
De stiennene tombe waard oantroffen yn in ierdene piramide yn de âlde delsetting Chiapa de Corzo. Hy is likernôch tolve kante meter grut en lei sa’n seis meter ûnder de top fan de tsien meter hege piramide. Piramiden waarden yn Midden-Amearika besjoen as in ferbining tusken himel en ierde.
Yn de tombe waarden njonken grêfjeften ek twa minske-offers fûn: in lytse poppe en in jongfeint. It berntsje wie mei soarch op it lichem fan ‘e ferstoarne dellein. It lyk fan de jongfeint lei der samar wat hinne.
De argeologen hoopje dat se troch it grêf mear oan ‘e weet komme oer de ferhâldingen tusken de yndianefolken yn Midden-Amearika. It grêf leit yn it gebiet fan it Zoque-folk, wylst der gâns saken yn lizze dy’t hearre by de Olmec-kultuer. Se hoopje dat no ek ûndersocht wurdt oft der yn de piramiden fan de Olmec ek minsken begroeven lizze.
Ek sjen:
- Azteekske timpel fûn Argeologen hawwe midden yn Meksiko Stêd fûneminten fûn fan in...
- Grêven fan piramidebouwers ûntdutsen Egyptyske argeologen hawwe grêven fûn fan arbeiders dy’t holpen hawwe...
- Yndianen net âldste Amerikanen TÜBINGEN – De hjoeddeiske yndianen binne net de oarspronklike bewenners...
- Prehistoaryske fuotprinten by Nimwegen NIMWEGEN – Yn Nimwegen binne fuotprinten út de prehistoarje fûn....
- Is de minske fan natuere twatalich? Wa’t ris in Amerikaansk wittenskiplik tydskrift yn hannen kriget, dy...








