Moaie froulju

moandei 3 maaie 2010

Fiif minuten mei in moaie frou yn ien keamer kin de stres hormoanen by manlju opdriuwe ta in ûnbegryplik hichtepunt.
Dy manlju dochs. Soene se no echt tinke dat moaie froulju har net stean sjogge as net harren alderheislikste bêst dogge?
Soene se no echt tinke dat moaie froulju dy gewoane manlju wol even teplak sette sille mei harren dom praat?
Wolle dy manlju no wier alles mar dan ek alles dwaan om troch sa’n kring sjoen te wurden?
Earme manju. Sjoch der mar oan foarby, ju.
Sa’n moaie frou hâldt allinnich mar fan harsels.
Dy sjocht jim yndie net stean.
Doch mar net sa jim bêst.
Der binne leave froulju genôch. Miskien wat minder moai, mar wol sa aardich.
IMGP5992

Ek sjen:

  1. Moaie wurden Ik hie doedestiids op it gymnasium in learares Latyn dy’t...
  2. Manlju goederjousker as froulju? Mjitte is witte, tochten se by de Stichting GeefGratis en...
  3. Froulju, manlju en djoere auto’s HOUSTON – In djoer horloazje of in sportauto makket in...
  4. Froulju wurde gleon fan segrinige manlju VANCOUVER – In glimk makket in man net oantreklik. Froulju...
  5. Arabyske froulju driigje mei boarsten RIAAD – Men moat it islamitysk rjocht fansels net altyd...

1 reaksje op “Moaie froulju”


  1. K. Koopmans
    4 maaie 2010 09:10

    Jildt ek foar manlju dy’t o sa tefreden binne oer harsels.

Realisaasje: Pronamic