Nederlan skeint de minskerjochten ek
sneon 29 maaie 2010
Nederlân presintearret himsels graach as in beaken op it mêd fan de minskerjochten. Mar ek yn ús lân kin it slim mis gean. Dat docht bliken út ferskate ferdrachskommitees en oare, ynternasjonale eksperts. Yn harren rapportaazjes raspje se ûnder oaren op it Nederlânske asylbelied om, de mistribeljende oanpak fan diskriminaasje en it tekoart oan minskerjochte-ûnderwiis oan de jongerein. De reaksje op dizze krityk is net altyd posityf of koöperatyf. Nederlânske oerheidsfunksjonarissen en politisy reitsje soms yn de betizing, sa gau as it eigen lân negatyf beoardiele wurdt, is de ûnderfining fan de politike lobbyisten fan Amnesty Nederland. Guon miene dat der neat mis is mei de minskerjochten yn Nederlân.
Tsien hieltyd weromkommende kritykpunten op in rige: 1. De rappere asylproseduere biedt net genôch beskerming;
2. Frjemdlingedetinsje wurdt te faak en te lang duorjend tapast;
3. De omstannichheden yn frjemdlingedetinsje binne min;
4. Noch hieltyd wurde allinnichsteande minderjierrigen yn frjemdlingedetinsje set;
5. It ynboargeringseksamen wurdt diskriminearjend tapast;
6. Islamofoby nimt hurd ta yn it publike en politike debat;
7. Guon maatregels tsjin terrorisme binne yn striid mei de minskerjochten;
8. Minskerjochte-edukaasje is net yn it skoalleplan opnommen;
9. De Roma hawwe in efterstânsposysje en wurde net tjild (erkend) as nasjonale minderheid;
10. Froulju en allochtoanen hawwe in lege dielnimmersgraad op de arbeidsmerk.
Dizze list fan kritykpunten is gearstald oan de hân fan de meast resinte rapportaazjes fan de minskerjochtekommissaris fan de Ried fan Europa, de Europeeske Kommisje tsjin Rasisme en Yntolerânsje, it Feriene Naasjes-komittee ta útroeging fan Rassediskriminaasje, it Feriene Naasjes-komittee foar de Minskerjochten, it Feriene Naasjeskomittee by it Bernerjochteferdrach, it Feriene Naasjeskomittee by it Frouljusferdrach, it Feriene Naasjeskomittee tsjin Marteljen, de Universele Periodike Ynspeksje fan de Feriene Naasjes-Minskerjochteried en it Advyskomittee fan it Europeesk Ramtferdrach foar it Beskermjen fan Nasjonale Minderheden. 
Ek sjen:
- Nederlân skeint minskerjochten DE HAACH – Nederlân slút frjemdlingen faker en langer op...
- Nederlân skeint Ramtferdrach Yn it NJCM-bulletin, nr. 5 (july 2010), it blêd fan...
- US en de minskerjochten nei Katrina It Amerikaanske regear en de Amerikaanske steaten oan de Golf...
- Hu sil minskerjochten achtsje Presidint Hu fan Sina hat op in parsekonferinsje mei presidint...
- FN: Homorjochten oannommen GENÊVE – De Rie foar Minskerjochten fan de Feriene Naasjes...








