Nije Fryske poster
woansdei 26 maaie 2010Tiisdei is by de jierlikse Upstalbeamgearkomste by it East-Fryske plak Auwerk in nije Ynterfryske posterkaart presintearre. De poster jout de moderne Europeeske regio Fryslân wer fan Alkmaar oant Denemark. Op de poster binne rjochtsûnder noch twa lytse kaartsjes, ien mei de histoaryske Fryske regio’s en ien fan de ferskillende Fryske taalgebieten. 
De ferklearjende talen op de kaart binne it Noard-Frysk, Sealterfrysk en Westerlauwersk-Frysk. Foar de plaknammen yn gebieten dêr’t se Plat prate binne de lokale farianten keazen.
De grinzen op de kaart binne fêststeld yn gearwurking mei saakkundigen út de ferskillende Fryslannen. Op de kaart binne de grinzen fan hjoeddeiske bestjoerlike ienheden brûkt. Gebieten dêr’t noait in Fryske mearderheid wenne hat, mar dy’t polityk wol mei it midsieuske Fryslân ferbûn wienen, hawwe in transparante kleur krigen.
De Ynterfryske posterkaart is in produkt fan de firma Wybren, Eurominority.eu en de Groep fan Auwerk. De kaart (50×70 sm.) is fia geofrisia.com, de Afûk en ferskillende boekhannels yn Fryslân foar €10,- te krijen.
Ek sjen:
- Nije Ynterfryske Dikekaart De Ried fan de Fryske Beweging presintearret nije Ynterfryske Dikekaart...
- Nije film oer Noard-Fryske taalynstituten De Fryske Rie hat fan ‘t hjerst in film meitsje...
- Ferlet fan nije Fryske berneboeken Tiisdei 14 febrewaris fertelt Sigrid Kingma oer de wrâld fan...
- Presintaasje nije Fryske stikken It winterskoft sit der op. It applaus fan de toanielfoarstellingen...
- Twa nije bestjoersleden Fryske Beweging De Ried fan de Fryske Beweging (RfdFB) is de belange-organisaasje...









Sybren
27 maaie 2010 08:18
Sjocht der goed út, is er ek te keap op it Helgolân-treffen? Soe wol moai wêze!
Wybren
27 maaie 2010 15:50
Ja, de kaart is ek op it Hilgelân te keap.