Nije opset gymnasium
woansdei 19 maaie 2010
DE HAACH – It gymnasium hâldt syn fakken Gryksk en Latyn. De heechlearaars Caroline Kroon en Ineke Sluiter hienen der ferline jier foar pleite om de fakken te ferfangen troch in minder talich fak “Grykske en Latynske taal en kultuer”. De ferplichte oersetting fan in klassike tekst yn it Nederlânsk soe by dat fak ferfalle. Kroon en Sluiter tochten yn opdracht fan de oerheid nei oer in nije ynfolling fan it gymnasiumprogram. Dat is omdat de eksamensifers foar de klassike talen hieltyd leger útfalle.
Tsjin de útstellen kaam safolle beswier dat de perfesters it útstel weromnimme. De oersetting bliuwt. Se wolle noch wol fierder prate oer in oare ynfolling fan de beide fakken. Kroon en Sluiter pleitsje der ek noch hieltyd foar om fan de klassike talen op it gymnasium karfakken te meitsjen. No moatte gymnasiumlearlingen op syn minst ien fan ‘e klassike talen kieze.
Ek sjen:









Tweets die vermelden Nije opset gymnasium | It Nijs -- Topsy.com
19 maaie 2010 14:14
[...] [...]