Non-stop Fryske muzyk

tongersdei 20 maaie 2010

LJOUWERT – Moarn begjint op ynternet de Fryske muzyksite omropnonstop.nl. De site tsjinnet as in muzykstjoerder en stjoert 24 oeren deis Frysktalige muzyk út. Inisjatyfnimmer is Omrop Fryslân.

Mei de nije ynternetstjoerder wol de Omrop Frysktalige artysten in noch grutter poadium jaan as dat se oant no ta hienen. It sukses fan de jierlikse Fryske Top 100 en it grutte tal Frysktalige fersyknûmers hawwe de Omrop op it idee brocht.

(boarne: Ljouwerter Krante)

Ek sjen:

  1. Wâldpiken harkje nei Fryske muzyk
  2. Ferkeap Fryske boeken gelyk
  3. Muzyk Maskelyn op 27 nov.
  4. Muzyk fan De Groot en Nijgh fûn
  5. Fryske plysje helpt yn Grins

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic