Obama kûgelsk op BP en dyen
sneon 15 maaie 2010
“Ik hie gjin wurdearring foar wat ik beskôge as in healwize fertoaning by de harksittings yn it kongres oer dizze kwestje. Dêr wienen pommeranten fan BP en Transocean en Halliburtun dy’t oer elkoar hinne rôlen om in oar de skuld te jaan. It Amerikaanske folk kin net ûnder de yndruk west hawwe fan dat tafriel, en ik wie it perfoarst net.” Dat sei presidint Obama yn in taspraak oer de oaljeramp yn de Golf fan Meksiko (sjoch http://itnijs.nl/2010/04/oaljelek-rint-ut-op-ramp/?mc=) nei oanlieding fan wat der fan ’e wike barde yn gearsitten fan de Amerikaanske senaatskommisje foar enerzjy en grûnstoffen. Dêr sei oaljereus BP dat it ûnk de skuld is fan de eigner fan it boareilân, Transocean, want it lei oan de klep dy’t de útbarsting foarkomme moatten hie en dy wie ek fan Transocean. Transocean sei lykwols dat der wat mis gien moatten is mei de bekisting fan it boargat. En dy waard makke troch Halliburton. Halliburton sei wer dat hja it wurk sekuer neffens de spesifikaasjes fan BP útfierd hawwe. BP hat der fansels belang by de skuld ôf te skowen: der sirkulearret al in rûzing fan €23 miljard foar de totale skea.
Ûnderwilens skrept BP wol wakker om de oaljestream yn te damjen. Der is besocht in koepel op ’e oaljeboarne te pleatsen en sa folle mooglik oalje fuort te pompen, mar dat slagge net troch de foarming fan (metaan)iis. No sille se it nochris besykje mei in lytsere koepel dêr’t waarm wetter en metanol ynbrocht wurdt. Tagelyk wurdt wurke oan in plan in tinne buis as in soartemint kateter yn ’e boarne te bringen en de oalje dêr fuortendaliks út op te sûgjen. En der komme 2 ekstra boarrings om de druk op de besteande te ferlichtsjen. Ek wurdt der oer tocht om it lek te tichtsjen mei alderhanne guod (in ‘junk shot’). In singelier plan foar it opromjen fan de fuortlekte oalje is dy absorbearje te litten troch minsklik hier. Hierynsamlingsaksjes binne al úteinsetten. Op dit stuit wurde der oerflakte-aktive gemikaliën by de boarne yn de oaljestream spuite om de oalje yn lytse dieltsjes útelkoar falle te litten, dy’t dan maklik op natuerlike wize ôfbrutsen wurde moatte soenen (oant no ta wie soks allinnich mar by driuwende oalje dien). Mar it liket op dweiljen mei de kraan iepen. Hielendal no’t der wer nije en noch wer folle hegere rûzings fan de omfang fan de oaljelekkerij ferskine. Wittenskippers hawwe filmbylden fan de oalje-útstream brûkt foar in berekkening dy’t útkomt op 11 miljoen liter deis! De oaljesmet is noch net trochkrongen yn ’e kwetsbere natuergebieten. De fiskers, dy’t no net fiskje meie, wolle graach helpe mei it tsjinhâlden fan de oalje, mar der binne berjochten dat BP harren dan earst in kontrakt tekenje litte wol, dêr’t yn stiet dat se ôfsjen moatte fan skeafergoeding.
Obama neamt as earste prioriteiten it hohâlden fan de lekkerij en it beskermjen fan de Golf Kust. Neffens de presidint binne der al mear as 300 kilometer oan ôfdammings makke, is der in miljoen liter oan oplosmiddels brûkt en al 15 miljoen liter oalje weromwûn en waarden 13.000 minsken mobilisearre om de iggen fan de Golf te beskermjen. Mar der moatte ek fûnemintele feroarings komme yn hoe’t it allegearre om en ta giet yn it oaljebedriuw, want, sa seit er: It is aardich dúdlik dat it systeem tekoartsketten hat, en dat die it ôfgryslik.” Dêr is neffens him ek de federale oerheid ferantwurdlik foar. “Fierstente lang, oer in desennium of mear, wie der in gesellige relaasje tusken de oaljemaatskippijen en it federale buro dat de boarfergunnings ôfjout. It liket derop dat fergunnings te faak ferliend binne op net folle mear as feilichheidsgarânsjes fan de oaljemaatskippijen. Soks kin en sil net mear barre.” Obama kundige in reorganisaasje fan it oanbelangjende buro oan mei splitsing fan it part dat oer de fergunnings giet en de leezjes opstrykt en it part dat de feiligens hanthavenje moat. Alle aktiviteiten yn djip wetter yn de Golf fan Meksiko wurde fuortdaliks ynspektearre, der mei ynearsten net boarre wurde en der komme nije miljeuferoarderings.
BP makket him lykwols noch gjin soargen oer de boaraktiviteiten. “It is aardich slim en we ha faaks yn it earstoan in pear flaterkes makke by it oanpakken fan ’e ramp, mar jo meie net ferjitte dat yn ’e djippe wetters fan de Golf fan Meksiko in tredde fan de oalje en it gas yn de Feriene Steaten oppompt wurdt”, sa waard op in parsekonferinsje sein. “Meitsje jo gjin yllúzjes, it bûtengats boarjen sil net ophâlde.” BP-baas Tony Hayward kin skynber goed relativearje, want hy frege in ferslachjouwer fan de Guardian ris op te hâlden mei skriemen oer it oaljelek want “dat is mar petiterich fergelike mei de ferskriklik grutte oseaan.”
Ek sjen:
- Obama kundiget enerzjyrevolúsje oan WASHINGTON – “De grutste miljeuramp dy’t Amearika ea troffen hat.”...
- Israel makket Palestinen kûgelsk Israel sil twa hillichdommen oan ‘e westlike Jordaanigge ta nasjonaal...
- Grut oaljelek yn Reade See KAIRO – Der lekt al fiif dagen oalje yn de...
- Iran wol minder oalje útfiere Iran besiket de krisis yn Europa slimmer te meitsjen. It...
- Boarplatfoarm ûntploft Yn de Golf fan Meksiko is fannijs in boarplatfoarm ûntploft....









Tweets die vermelden Obama kûgelsk op BP en dyen | It Nijs -- Topsy.com
15 maaie 2010 22:54
[...] Dit blogartikel was vermeld op Twitter door Fryske Beweging. Fryske Beweging heeft gezegd: Obama kûgelsk op BP en dyen: “Ik hie gjin wurdearring foar wat ik beskôge as in healwize fertoaning by the harksit… http://bit.ly/dpZlUE [...]