Optocht foar behâld universiteit
snein 23 maaie 2010
FLENSBURCH – Mear as 2500 minsken hawwe tongersdei protestearre tsjin it plan om de universiteit fan Flensburch syn universiteitsstatus ôf te nimmen. Dat die de Noardfryske stjoerder Nais foon diling freed te witten. Studinten, dosinten en politisy holden in protestoptocht fan de kampus nei de Flensburger binnenstêd. Dêr kaam ûnder oaren Anke Spoorendonk fan de partij SSW oan it wurd. Har partij is fûl op de plannen tsjin.
It regear fan Sleeswyk-Holstein wol fan de Flensburger universiteit in hegeskoalle meitsje. Dy hat in legere status en minder taken as in universiteit. De maatregel is bedoeld as besuniging.
Ek sjen:









