Pakistan slút Facebook ôf
woansdei 19 maaie 2010ISLAMABAD – Pakistaanske ynternetoanbieders hawwe de ynternetcommunity Facebook ûntagonklik makke. Dat barde hjoed op lêst fan de rjochter. Reden is de oprjochting fan de Facebook-groep ‘Everybody Draw Muhammad Day’. De groep ropt elkenien derta op om in tekening te meitsjen fan de midsieuske Arabier Mohammed en dy op Facebook te setten. Moslims tinke dat Mohammed in profeet wie en dat er net tekene wurde mei.
De Facebook-groep is ûntstien nei in oprop fan de Amerikaanske tekenderesse Molly Norris om op 20 maaie tekeningen fan Mohammed op ynternet te setten. Se woe dêrmei protestearje tsjin bedriging en yntimidaasje fan minsken dy’t Mohammed tekenje, lykas okkerdeis de makkers fan de tekenfilmrige South Park. Der kaam lykwols safolle reaksje op de oprop dat it frou Norris boppe de holle groeide en oaren de aksje oernamen. De Facebook-groep hat al fjirtichtûzen leden.
De Pakistaanske blokkade fan Facebook duorret ynearsten oan 31 maaie ta.
Ek sjen:









Tweets die vermelden Pakistan slút Facebook ôf | It Nijs -- Topsy.com
19 maaie 2010 17:40
[...] Dit blogartikel was vermeld op Twitter door Fryske Beweging. Fryske Beweging heeft gezegd: Pakistan slút Facebook ôf: ISLAMABAD – Pakistaanske ynternetoanbieders hawwe de ynternetcommunity Facebook ûntagon… http://bit.ly/cqXZul [...]