Premier

freed 28 maaie 2010

Ik hie it der oer hân, mei Peter-Jan of hoe hyt er ek wer.
“Wy freegje Rita”, seine wy tsjin elkoar, doe’t wy mei in gleske reade wyn by it iepen hurdfjoer sieten te tinken oer hoe’t it no fierder moat mei ús lân nei 9 juny.
Wy sieten der mei yn ’e mage, moast mar tinke.
Sa’n lân as Nederlân, dêr’t allegear smoarge stikken útheefd wurde lykas fytsen yn ’e grêft smite en lilk wurde op oare minsken dy’t wier noait wat dogge. No ja, jim witte it wol, tefolle om op te neamen.
Wy sieten wat yn it fjoer te sjen en by it fjirde gleske wist ik it.
“Rita kin alles oan”, sei ik. “Se kin in finzenis mei hiel swiere misdiedigers oan, dan kin se dy Hollanners ek wol even sizze dat se net sa raar dwaan moatte.”
“Krekt”, sei Peter-Jan of hoe hyt er ek wer. “Al dy nijmoadrige saken. Wy ha noarmen en wearden en dêr giet it om.”
Sa spitich, dat se net woe.

Klaske Hiemstra.
IMGP5992

Ek sjen:

  1. Russyske fise-premier tsjin homopropaganda MOSKOU – Tiisdei berjochte It Nijs oer in nij ferbod...
  2. Premier Japan yn rampgebiet RIKÛZENTAKATA – De Japanske premier Naoto Kan hat sneon yn...
  3. Libië hat in nije premier TRIPOLY – It tydlike bewâld fan Libië hat Abdoel Rahym...
  4. Griken krije tydlik regear mei nije premier ATENE – De grutste twa partijen fan Grikelân hawwe moandei...
  5. Grikelân: Opposysje wol premier fuort ha ATENE – Nei wjerstân fan Europa wolle de Griken no...

Reacties zijn gesloten.

Realisaasje: Pronamic