Reklame foar abortus
tiisdei 25 maaie 2010LONDEN – De Britske televyzje hat in wrâldprimeur: juster waard der op Channel 4 foar it earst in reklamespotsje foar abortus útstjoerd. It is makke yn opdracht fan Marie Stopes, in ynternasjonale organisaasje dy’t ûnder oaren abortussen útfiert. Yn Grut-Brittanje helpt de organisaasje jierliks 65 tûzen froulju dy’t tsjin it sin mei bern rinne.
Yn de filmkes wurdt koart en saaklik útlein hoe’t froulju it maklikst in ôfdriuwing regelje kinne. Marie Stopes kriget tûzenen telefoantsjes yn it jier fan froulju dy’t in abortus wolle, mar net witte hoe’t se soks oanpakke moatte. Mei de spotsjes wol de organisaasje dy froulju skewiele.
It plan foar de filmkes hat entûsjaste sawol as poerrazende reaksjes útlokke. 
Ek sjen:









Sylvia
25 maaie 2010 12:58
Dat is super! Ik snap sawisa minsken net dy’t tsjin abortus binne. Baas over eigen buik toch?
Nynke
25 maaie 2010 18:21
Ik denk dat het goed is voor veel meisjes dat ze weten waar ze moeten zijn. Maar er zal wel weer allemaal Gristuluk gezeur van komen.