Taal is in feilichheidsrisiko

tiisdei 11 maaie 2010

DELFT – Ien op de fjouwer minsken yn Nederlân is net taalfeardich genôch om him goed te rêden. En dat is gefaarlik. Dat seit de Delftske ûndersiker Paul Lindhout, dy’t juster promovearre is op in stúdzje nei taal op it wurk.

By fiif oant tsien persint fan de slimme ûngemakken op ‘e wurkflier is ûnfoldwaande taalfeardichheid ien fan ‘e oarsaken, seit Lindhout. Dat hat ûnderskate oarsaken.

Bûtenlânske wurknimmers begripe net altyd goed genôch wêr’t it om giet. Hy neamt in foarbyld fan in mynramp yn België yn de jierren fyftich. In Italjaanske gastarbeider hie tsjin de ynstruksjes yn in wagon yn in lift set. Dat paste net goed en doe’t de lift omheechgong, waarden buizen en kabels stikken lutsen. Der ûntstie brân en der kamen mear as twahûndert mynwurkers om. Op it wurk waard in mingsel fan Frânsk, Nederlânsk en Italjaanks praat, dat yn de deistige omgong goed genôch wie, mar dat net foldie om belangrike ynformaasje oer te bringen.

In oare oarsaak is dat net elkenien goed lêze kin. Bedriuwen kinne wol ynstruksjes oer it omgean mei gefaarlike stoffen op papier sette yn de taal fan harren wurknimmers, mar guon ymmigranten kinne net goed genôch lêze om te begripen wat der bedoeld wurdt.

By eintsjebeslút is neffens Lindhout by sawol allochtoaen as by autochtoanen in probleem dat se teksten fluch te dreech fine. In fearnspart fan de minsken yn Nederlân hat ûnfoldwaande basisfeardichheden. De helte fan de bedriuwen brûkt feilichheidsynstruksjes dy’t te dreech binne foar sokke minsken.

Bedriuwen moatte der better om tinke dat te drege teksten in risiko foarmje, seit Lindhout. Dat se wol bysteat binne om ienfâldiger teksten te skriuwen, meitsje de oer it generaal linige stikken yn de personielsbledsjes wol dúdlik.

Ek sjen:

  1. Taal laat ta simplisme
  2. Taal is ek (bedriuws)kultuer
  3. Neerlandiapriis foar Onze Taal
  4. Dea ergerje oan taal?
  5. Fûgelsang is earste foarm fan taal

2 reaksjes op “Taal is in feilichheidsrisiko”

  1. [...] Dit blogartikel was vermeld op Twitter door Fryske Beweging. Fryske Beweging heeft gezegd: Taal is in feilichheidsrisiko: DELFT – Ien op de fjouwer minsken yn Nederlân is net taalfeardich genôch om him goe… http://bit.ly/dn2djk [...]


  2. pyt
    12 maaie 2010 08:48

    Kommunikaasje is alles!

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic