Unbidige datadiefstal troch Google
freed 14 maaie 2010
MOUNTAIN VIEW – Google hat op wrâldskaal privee-ynformaasje kaapt. Dat hat it bedriuw hjoed tajûn. Doe’t Google mei kamera-auto’s foto’s makke foar Google Street View, garre it bedriuw tagelyk gegevens fan ûnbefeilige triedleaze ynternetferbiningen, de saneamde wify-netwurken.
De ûnderskepte ynformaasje bestiet út saken lykas ferstjoerde e-mails en websites dy’t minsken besjoen hawwe. De ynformaasje kin maklik oan in IP-adres en sels oan in wenadres keppele wurde.
Google hat de ynformaasje foar in part bewust socht en ek opslein, oare ynformaasje soe ûnbedoelde byfangst wêze. It sammeljen is bard yn in grut tal lannen, wêrûnder Nederlân. De saak kaam oan it rôljen doe’t yn Dútslân útlekte dat de Street View-auto’s in dûbelde aginda hienen. Ynearsten ûntstried Google alle beskuldigingen.
Google hat hjoed te witten dien dat it bedriuw bûten syn boekje gien is en it fertrouwen fan minsken beskamme hat. It bedriuw seit ta dat it de yllegaal sammele gegevens sa fluch mooglik ferneatigje sil.
(Boarne: Het Parool)
Ek sjen:
- Apple en Google folgje jo It bedriuw Apple folget de bewegings fan syn klanten. De...
- Google mei gjin wurden mear ôfmeitsje De rjochtbank yn Tokio hat beskaat, dat Google yn Japan...
- Google wurket oan fleanende fluch ynternet MOUNTAIN VIEW – It Amerikaanske ynternetbedriuw Google wol in fleanende...
- België ferbiedt Google News BRUSSEL – Google hannelet yn striid mei de Belgyske wet...
- Us ûnthâld wurdt minder troch Google NEW YORK – Google is min foar it ûnthâld. Minsken...









Tweets die vermelden Unbidige datadiefstal troch Google | It Nijs -- Topsy.com
15 maaie 2010 00:05
[...] Dit blogartikel was vermeld op Twitter door Fryske Beweging. Fryske Beweging heeft gezegd: Unbidige datadiefstal troch Google: MOUNTAIN VIEW – Google hat op wrâldskaal privee-ynformaasje kaapt. Dat hat in … http://bit.ly/a2NnmV [...]