Antykonsepsjepil foar manlju

woansdei 30 juny 2010

siedRAMAT GAN – Israelyske wittenskippers binne in antykonsepsjepil foar manlju oan it ûntwikkeljen. De notiidske ferzje fan de pil wurket al by mûzen. Hy hoecht mar ien kear yn ‘e trije moanne ynnommen te wurden.

Neffens ûndersiker Haim Breitbart jout de pil by de mûzen gjin bywurkingen. Hy wurket ek lange tiid. Dat is mei sin sa dien, want de ûndersikers wienen benaud dat manlju oer it generaal net sa sekuer binne mei it ynnimmen fan piltsjes as froulju.

Der wienen wol earder pillen foar manlju ûntwikkele, mar dy wurken net goed of hienen bywurkingen, bygelyks dat de manlju gjin nocht mear hienen oan it lizzende wurk.

De nije pil hat in folslein oar prinsipe as de frouljuspil. Troch de pil misse de manlike siedsellen in aaiwyt dat se nedich binne om ta de froulike aaisel yn te kringen. Dy kin dêrtroch net befruchte wurde.

Ek sjen:

  1. Bleate manlju om op te iten
  2. Manipulearre mûzen bestride kanker
  3. Puzelstikjes as medisyn
  4. Jong bloed komt ferâldering foar
  5. Froulju, manlju en djoere auto’s

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic