Arabyske froulju driigje mei boarsten

snein 27 juny 2010

boerka_boarstenRIAAD – Men moat it islamitysk rjocht fansels net altyd letterlik nimme; it moat mei it sûn ferstân ynterpretearre wurde. Sa reagearje mohammedaanske geastliken yn Egypte en Saoedy-Arabië op in útspraak fan de Egyptyske gelearde Izzat Attiyah, dy’t yn 2007 oantoande dat froulju bêst sûnder wale, holledoekje of boerka mei frjemde manlju prate mochten, as se dy manlju mar symboalysk ta famylje makken. Attiyah toande oan dat de profeet Mohammed letterlik sein hie dat froulju in frjemde man it boarst jaan mochten. Troch fiif kear har tate te drinken soenen de manlju famylje wurde en mochten se gewoan mei har omgean.

De útspraak fan Attiyah is wer aktueel sûnt in groep froulju yn Saoedy-Arabië earder dizze moanne it rjocht opeaske om te autoriden. Sûnt 1990 meie froulju yn it Arabyske lân dat net mear. De froulju sizze dat as se it rjocht net krije, se in sjauffeur yn tsjinst nimme dy’t se dan fan it boarst jouwe. Se meie dan gewoan by him yn ‘e auto sitte en kinne har ferfiere litte. Hoewol’t it islamitysk rjocht is, moasten in protte Arabyske geastliken efkes slokke.

De froulju krije apart genôch stipe fan de Saoedyske gelearde Abdel Mohsen Obeikan. Hy rôp alle froulju derta op om har kollega’s en oare manlju dy’t se faak tsjinkomme tate te jaan. Dan soenen se dêrnei altyd sûnder problemen yn gewoane klean mei dy manlju omgean kinne. Obeikan joech de froulju wol it advys om de manlju net streekrjocht oan it boarst te lizzen, mar de tate yn in beker te dwaan.

Ek sjen:

  1. ‘Bern it boarst jaan is krinkend’
  2. 1400 Nederlânske froulju mei PIP-boarsten
  3. Froulju, manlju en djoere auto’s
  4. Tûker troch tate
  5. Saûdy-Arabië fiert frouljuskiesrjocht yn

1 reaksje op “Arabyske froulju driigje mei boarsten”


  1. Nynke
    29 juny 2010 11:58

    Hahaha, de Islam wordt zo toch nog leuk!

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic