Aukje Jansma winner Frysk diktee

tiisdei 29 juny 2010

67_ Aukje Jansma winnaarAukje Jansma út groep 8 fan de iepenbiere basisskoalle It Holdersnêst út De Harkema is de winner fan it Taalspultsje Achtkarspelen mei in topskoare fan 90%. De hiele top 5 fan it taalspultsje bestie út learlingen fan It Holdersnêst. Dizze skoalle hat dizze wike ek it sertifikaat krigen foar ‘Trijetalige skoalle’.

Hjoed hat Tjeerd van der Zwan, portefúljehâlder kultuer, de prizen útrikt. De winner hat in iPod krigen, de groep fan de winner trije boeken út de rige ‘De traveliers’ en alle learlingen út de groep fan de winner in Praat Mar Frysk-pakket en in cd mei folksferhalen út Achtkarspelen.

Yn it ramt fan it Frysk taal- en kultuerbelied hat de gemeente Achtkarspelen it ‘Taalspultsje Achtkarspelen’ ûntwikkelje litten troch de Afûk. Mei dit digitaal Frysktalich diktee wol de gemeente de boargers op in tagonklike wize yn kontakt bringe mei it Frysk. It taalspultsje is in Frysk diktee fan alve sinnen oer de doarpen yn de gemeente Achtkarspelen. Fia de webside www.achtkarspelen.nl kin eltsenien no meidwaan oan it taalspultsje.

Ek sjen:

  1. Frysk diktee Achtkarspelen wûn troch De Harkema DE HARKEMA – Paul van der Heide út groep 8...
  2. Jongelju winne Frysk diktee LJOUWERT – It Frysk diktee wie fan ‘t jier in...
  3. Frysk Diktee 2010 Diktee foar de bern Tiisdei 20 april 2010 wurdt foar...
  4. Piter Wilkens skriuwt 10de Grut Frysk Diktee Sjonger en lietsjeskriuwer Piter Wilkens skriuwt dit jier de tekst...
  5. Grut Frysk Diktee 2010 Dit jier wurdt foar de tsiende kear it Grut Frysk...

1 reaksje op “Aukje Jansma winner Frysk diktee”


  1. pizzabakker
    30 juny 2010 01:16

    Ik fyn 90% tige goed!

Realisaasje: Pronamic