Better byld by krisis

tiisdei 15 juny 2010

Ushahidi.com sammelet gegevens oer krisisgebieten fan oer de hiele wrâld en bringt se yn kaart. It is in webside dy’t minsken en organisaasjes by in ramp helpe kin. Elkenien kin ynformaasje oer de tastân yn in rampgebiet mei SMS of oer it ynternet wrâldkundich meitsje, Ushahidi bringt dy gegevens dan yn kaart. Sa kinne minsken by in humanitêre ramp better holpen wurde. Ushahidi waard oant no ta brûkt foar de bargegryp, reboelje by de ferkiezings yn Kenia en foar de ierdbeving op Haïty. De webside is in iepen boarne (open source) dêr’t elkenien fergees gebrûk fan meitsje kin.

Ek sjen:

  1. Loftfersmoarging yn byld
  2. Foarsitter eurosône is bang foar gruttere krisis
  3. Twadde Keamer praat
  4. Krisis Japan noch lang net dien
  5. Ferbining tusken wurd en byld

1 reaksje op “Better byld by krisis”


  1. Ee7
    14 juny 2010 14:59

    Ik kin it op it wurk fansels net dellade, mar wat docht it programma krekt?

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic