Bisdom fertocht fan berneknoeierij

freed 25 juny 2010

bernemishannelingMECHELEN – De plysje hat tongersdei in grutte ynfal dien by ûnderskate gebouwen fan it bisdom Brussel-Mechelen. It bisdom wurdt derfan fertocht dat it mandélich is oan berneknoeierij troch roomske preesters. It hûs fan kardinaal Godfried Danneels is ek trochsocht. By it trochsneupen fan de gebouwen hat de plysje in gearkomste fan biskoppen in skoftlang binnendoar holden. De manlju moasten harren bûstelefoans ôfjaan. De plysje hat kompjûters en dossiers nadere.

Ek sjen:

  1. Bisdom wist fan berneknoeierij
  2. Berneknoeierij yn hiele tsjerke
  3. Danneels wist fan berneknoeierij
  4. Ald-biskop straft om berneknoeierij
  5. “Jou dy biskoppen dien!”

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic