Blik wurdt goed recycle
tongersdei 24 juny 2010
Mar 10% nije grûnstof is nedich foar produksje fan blikjes foar bier en frisdrinken. Hast 35.000 ton bier- en frisblikjes yn Nederlân binne recycle.
Út ynformaasje fan Stichting Kringloop Blik docht bliken dat yn Nederlân mar leafst hast 90% fan alle bier- en frisblikjes recycle wurdt. Nederlân heart dêrmei by de top fan Europa. Boppedat bliuwt de kwaliteit fan it blik suver itselde. Troch de sterke recycleprestaasje is foar de produksje fan nije blikjes mar 10% oanfoljende grûnstof nedich.
Jouke Schat, direkteur Nederlânske feriening Frisdrank, Waters en Sappen (FWS) : “Blikjes wurde troch de ôffalferwurkingsbedriuwen nei de ôffalferbaarning mei grutte magneten weromwûn. Fan konsuminten wurdt gjin ekstra ynspanning frege en dat makket blik ta in hiel suksesfolle duorsume ferpakking.”
Jack Verhoek, direkteur Centraal Brouwerij Kantoor (CBK) : “As elkenien syn bier- of frisblikje nei gebrûk yn ’e ôffalbak goait, kinne wy it tal tonnen recycle blik noch fierder ferheegje. Troch it hege persintaazje wergebrûk fan blik dogge yndustry en konsumint tegearre wat moais foar it miljeu. Wy binne bliid dat de kampanje “Blik by it gewoane ôffal” fan Stichting Kringloop Blik (SKB) de konsumint dêr bewust fan makket.”
Ek sjen:








