Boartersplakken bliuwe Frysktalich
freed 18 juny 2010DE HAACH – De Frysktalige pjutteboartersplakken bliuwe. Dat makket de Ljouwerter Krante buorkundich. Minister fan ûnderwiis André Rouvoet woe yn de wet fêstlizze dat de taal fan boartersplakken it Nederlânsk wêze moast. Senator Hindrik ten Hoeve hat yngrypt. “De toan en de ynhâld fan [Rouvoet] syn ferhaal binne bot feroare,” seit er yn ‘e krante.
Der binne yn Fryslân sa’n santich Frysktalige pjutteboartersplakken. In protte oare boartersplakken binne twatalich.
Ek sjen:
- Frysktalich sosjaal netwurk Fan 1 septimber ôf hat Fryslân der in nij paradehynderke...
- De Harkema meast Frysktalich Op ‘e Harkema (ynwennertal 4.235) praat 93% fan de bern...
- Ferd Crone lêst foar by pjutteboartersplak Okido Foar it earst set de Fryske Foarlêswike ek út ein...
- ‘De Berneboat’ Burgum Hjirmei noegje wy jo fan herten út om by it útrikken...
- Piter Wilkens moat bliuwe! MARSUM – De âldjiersploech fan Marsum is yn aksje kaam...









pyt
19 juny 2010 10:24
No, dan hoege dy berntsjes dochs ek net mear sa te gûlen, wol?
Nynke
19 juny 2010 12:46
@pyt: deze berntsjes zijn nog wel een beetje jong om te praten.