Bûsehifkers brûke loarten

woansdei 2 juny 2010

TORONTO – In bizarre boevebinde terrorisearret de lêste tiid ynwenners fan Tornoto dy’t krekt jild ophelle hawwe. As se klear binne by de pinautomaat of as se út in bank wei komme, spuitsje de oerfallers harren út knypflessen stront oer de klean. Se meitsje de slachtoffers der dan op attint dat se goarichheid op ‘e klean hawwe, helpe har by it klinzgjen dêrfan en hifkje har ûnderwilens de bûsen. Plysje-ûndersyk hat útwizing dien dat de goarichheid minskestront is. De oerfallers wurde omskreaun as Súd-Amerikaanske typen dy’t mei knypflessen omrinne.

Ek sjen:

  1. Oerfal op hûs Easterwâlde EASTERWÂLDE – De plysje ûndersiket in wapene oerfal, tiisdei yn...
  2. Fertochten oerfal frijlitten LJOUWERT – De fiif minsken dy’t oppakt binne foar de...
  3. Sjitterij op sneldyk A1 MUIDEN – De sneldyk A1 by Muiden hat freedtemoarn oerenlang...
  4. Victor Veilig moat Nederlânsk brûke ANTWERPEN – Victor Veilig, de ljochtsjend giele pop dy’t automobilisten warskôget...
  5. Eastfryske seelju ûntfierd LEER – Piraten hawwe foar de kust fan Nigeria it...

Reacties zijn gesloten.

Realisaasje: Pronamic