Bûtenlânske klasgenoat? Min sifer!

sneon 19 juny 2010

famkesMAASTRICHT – De skoalprestaasjes fan learlingen yn it fuortset ûnderwiis hawwe derûnder te lijen as der bûtenlânske bern yn ‘e klas sitte.

Benammen de oanwêzichheid fan islamityske bern hellet de sifers gâns omleech. Dat sei ûnderwiiskundige Jaap Dronkers by syn oanfurdiging fan it heechlearaarskip oan de universiteit yn Maastricht. Dronkers: “Kennelijk zijn bepaalde islamitische waarden en normen – bijvoorbeeld over man-vrouwverhoudingen of eer en schaamte – contraproductief in de moderne westerse samenleving.”

Islamityske skoallen better as mingde skoallen

De measte bern leare better as se net te folle ferskille fan de oare bern yn har klas, seit Dronkers. Hy seit dat der goede arguminten foar mingde skoallen besteane, bygelyks it bestriden fan diskriminaasje en it befoarderjen fan yntegraasje, mar de sifers litte sjen dat sawol de autochtoane as de allochtoane bern der minder goed troch leare. Skoallen mei allinnich mar islamityske bern hawwe oer it generaal dan ek bettere learresultaten as mingde skoallen.

Dronkers hat foar syn ûndersyk sjoen nei learlingen út fyftjin Europeeske lannen. Nederlân wie dêr net ien fan. It Nederlânske ûnderwiissysteem liket genôch op dat fan de ûndersochte lannen om oan te nimmen dat it hjir itselde wurket.

Deselde kultuer jout in thúsgefoel

Dronkers jout fjouwer ferklearrings foar de ferfelende gefolgen fan etnysk ferskaat: as learlingen opelkoar lykje, kin de dosint him spesjalisearje op dy harren kultuer; kultuerferskillen jouwe misferstannen en dy kostje tiid dy’t op kosten fan de lestiid geane; deselde kultuer jout learlingen in grutter thúsgefoel en makket se mear motivearre; sûnder kultuerferskil is der minder diskriminaasje en minder stress.

Donkers syn ûndersyk lit sjen dat de minne resultaten fan mingde skoalle echt in etnysk probleem binne; se hawwe net te krijen mei de lege sosjaal-ekonomyske status fan in soad islamiten yn Europa.

De Japanner yn ‘e klas

In Sineeske of Japanske klasgenoat is krekt wol goed. Sy foarmje de útsûndering op ‘e regel. Aziatyske klasgenoaten, as se alteast net islamitysk binne, binne blykber goed foar de sfear yn de klas en soargje sels foar wat hegere sifers. Neffens Dronkers komt dat trochdat it ûnderwiis yn Azië sa goed is dat learlingen út Aziatyske lannen de autochtoane learlingen omheech lûke.

Klik hjir om Dronkers syn taspraak te lêzen.

Ek sjen:

  1. Kieze tusken heger sifer of mear rúzje
  2. Lytse skoalle hoecht net ticht
  3. Flaanderen wol mear Ingelsk en Frânsk
  4. Fryske bern dogge it net goed op skoalle
  5. Bretonsktalige skoallen waakse

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic