Deaden by ûntploft hûs

woansdei 30 juny 2010

Soumagne_gasuntploffingSOUMAGNE – Yn it Luikske Soumagne is tiisdeitemiddei in hûs folslein fuortfeegd troch in gasûntploffing. By it ûngemak binne twa ynwenners en in leadjitter dearekke. De bewenners hienen in gaslek rûkt en harren bern by de buorlju yn feiligens brocht. Mei de leadjitter dy’t it lek opspoare soe, wienen se krekt wer ta de hûs yn rûn, doe’t dat ûntplofte.

De ûntploffing hat njonken it hûs ek in pear mêsten fan it elektrysk ûnderút reage. Dêrtroch sitte hûnderten huzen yn ‘e omkriten op it stuit sûnder stroom.

Ek sjen:

  1. Boarplatfoarm ûntploft Yn de Golf fan Meksiko is fannijs in boarplatfoarm ûntploft....
  2. Bom ûntploft yn Noard-Ierlân LURGAN – Trije bern binne hjoed licht ferwûne rekke doe’t...
  3. Ikea wer slachtoffer bomoanslach DRESDEN – Wat is der mei Ikea te rêden? Hjoed...
  4. Bomoanslach yn Kûndûs TSJAR DARA – Yn de Afgaanske provinsje Kûndûs binne twa...
  5. Fiif deaden: fjouwer op plein, ien yn loads LUIK – It tal deadlike slachtoffers fan Nordine Amrani yn...

Reacties zijn gesloten.

Realisaasje: Pronamic