Denen lilk om taalbelied Kiel

woansdei 9 juny 2010

SleeswykHolsteinKIEL – Denemarken is lilk op it regear fan Sleeswyk-Holstein. Dat wol 15% besunigje op de Deensk- en Frysktalige skoallen yn de dielsteat. Carl Holst, de gûverneur fan de provinsje Súd-Denemarken, seit dat Sleeswyk-Holstein net iensidich syn minderhedepolityk feroarje kin. Yn Súd-Denemarken wennet in Dútsktalige minderheid, dy’t in protte stipe kriget fan de Deenske oerheid. Dútslân en Denemarken hawwe yn 1955 ôfpraat dat se in mienskiplike minderhedepolityk fiere.

Holst hie juster in gearkomste mei de Sleeswyk-Holsteinske premier Peter Harry Carstensen oer de kwestje. Carstensen sei nei ôfrin dat de krityk fan de Denen him djip rekket, mar dat er, sa’t de ekonomy der no hinne leit, gjin oare kar hat.

Peter Harry Carstensen

Peter Harry Carstensen

Ek sjen:

  1. Friezen en Denen demonstrearje FLENSBURCH – Yn sân plakken yn Sleeswyk-Holstein binne minsken hjoed...
  2. Kiel set Sigeuners net yn grûnwet KIEL – De lândei fan Sleeswyk-Holstein wol de Sigeuners net...
  3. Talefilmkes Sleeswyk-Holstein KIEL – De oerheid fan de dielsteat Sleeswyk-Holstein hat yn...
  4. Kaairol Denen en Friezen yn Sleeswyk-Holstein De kâns wurdt hieltyd grutter dat de Deensk-Fryske minderhedepartij SSW...
  5. Nedersaksysk as wrâlderfskip HÜSEM – Ferskate politisy yn Sleeswyk-Holstein wolle dat it Nedersaksysk...

2 reaksjes op “Denen lilk om taalbelied Kiel”


  1. FDV
    10 juny 2010 13:59

    En Carstensen is sels noch wol in Noard-Fries!


  2. Erwin
    11 juny 2010 20:44

    Dan mar ientalich Deensk ûnderwiis en Noard-Frysk ûnderwiis. Fuort mei it Dútsk, kostet allinnich mar jild.

    In pear sinten te min en gjin twatalich ûnderwiis mear mooglik? Ik woe him wol wizer ha!

Realisaasje: Pronamic