Denen koppe yn eigen doel
moandei 14 juny 2010
JEHANNESBURCH – Hiel sterk spile it Nederlânsk alvetal net, mar it wie net dreech om dochs mei 2-o te winnen, mei’t de Deenske tsjinstanner Oranje it earste doelpunt freonlik kado die. Fuort nei it skoft kopte Simon Poulsen de bal fia de rêch fan Daniël Agger yn it eigen doel. Ynearsten stie it doelpunt op Poulsen syn namme, mar niis hat de FIFA besletten om Agger as de doelpuntemakker te beskôgjen. Dirk Kuijt makke yn ‘e 85e minút it twadde en lêste doelpunt fan de wedstryd.
Ek sjen:









