Ekonomy komt by fan krisis
moandei 7 juny 2010
BUSAN - Minskene jildpongen reitsje al rêd wer foller. De ekonomy ûntwrot him hurd oan de krisis. Dat konkludearje fertsjintwurdigers fan de G20, de tweintich wichtichste lannen yn ekonomysk opsicht. De G20 hienen fan ‘t wykein in gearkomste yn Súd-Korea.
“De ûntjouwingen fan de lêste tiid litte sjen hoe wichtich oft it is dat oerheden de sinteraasje op oarder hawwe en maatregels nimme om de ekonomy ta groei te stimulearjen,” sa dienen de fertsjintwurdigers te witten. De G20 trúnde benammen de Súd-Europeeske lannen derta oan om harren sinteraasje better op oarder te krijen.
Ek sjen:
- Fryske ekonomy waakst stadich LJOUWERT – De ekonomy fan Fryslân waakst minder hurd as...
- Japanske ekonomy 5 persint groeid De ekonomy fan Japan is yn it tredde fearnsjier mei...
- Krisis klimaat slimmer as ekonomyske De hjoeddeiske ekonomyske krisis hat net folle om ‘e hakken...
- Trichet: Ekonomy net yn frije fal De ekonomy stabilisearret him flugger as ynearsten ferwachte waard, seit...
- Sina wol tuike oan mei ekonomy PEKING – It Sineeske Folkskongres is yn Peking begûn mei...








