Facebook yn it Frysk

tiisdei 22 juny 2010

Nei in protte mailferkear en in lange lobby kin de Ried fan de Fryske Beweging oankundigje dat de profileside Facebook tastien hat, dat Frysk in offisjele taal wurdt. Dat hâldt yn, dat Facebook oersetten wurde kin nei it Frysk.

Der hat in protte mailferkear west tusken de fertsjintwurdigers fan de Ried fan de Fryske Beweging en de lieding fan Facebook. Kontakt mei de lieding fan Facebook hawwe jo net samar, it nimt dêrom in soad tiid, mar mei de juste kontakten komme jo in ein. Wim Benes, in bekende yn de kompjûterwrâld,  hat meiholpen om kontakt te lizzen. De Ried wol graach dat it Frysk yn de praktyk brûkt wurdt. In bekende webside dêr’t minsken alle dagen op sjogge, lykas Facebook, kin minsken helpe om it Frysk te learen. Mar ek foar minsken dy’t alle dagen Frysk prate is it wichtich om ek it skreaune Frysk te lêzen en te brûken. Yn de praktyk bart dat net in soad. It ferfryskjen fan Facebook kin derby helpe.

Op it stuit binne al mear as 800 wurden oersetten. Dat bart allegear troch frijwilligers. Sy type in oersetting yn en de rest fan de Fryske minsken op Facebook kinne stimme wat se de bêste oersetting fine. Fine sy in oersetting net goed, dan kinne se in alternatyf biede en der kin ek wer op stimd wurde. Sa komt der in sa geef mooglik Frysk Facebook. 

De Ried fan de Fryske Beweging hopet dat Hyves ek de mooglikheid biedt om de side oer te setten nei it Frysk.

Ek sjen:

  1. Frysk en facebook
  2. In protte Friezen op Facebook
  3. Facebook groeit troch
  4. Facebook groepen fuortkaapt
  5. WordPress beskikber yn it Frysk

13 reaksjes op “Facebook yn it Frysk”


  1. FDV
    22 juny 2010 18:32

    Dan mei ik hoopje dat dêr wat minder flaters yn steane as yn dit parseberjocht.


  2. Anonym
    22 juny 2010 20:26

    No is it behoffene – sa better?


  3. Lútsen
    22 juny 2010 20:35

    Men kin ek tiid besparje troch in link te lizzen nei it ‘Wurdboek’ of http://www.hallofryslân.nl. Dan hoecht it tsjil net op ‘e nij útfûn te wurden.


  4. Nynke
    23 juny 2010 09:50

    cool


  5. Nynke
    23 juny 2010 09:51

    Wat cool! :)


  6. Berend Ytsma
    17 july 2010 10:06

    Der is in wurdlist dy’t brûkt wurd foar it oersetten fan û.o. KDE
    http://techbase.kde.org/Localization/fy/wurdlist


  7. Erwin
    19 july 2010 14:56

    Bestjoeringssysteem lykas Windows. Neffens my soe dat no ek al yn it Frysk beskikber wêze?


  8. Berend Ytsma
    22 july 2010 11:48

    KDE is yndie in bestjoeringssysteem, al moatte je eins omjouwing sizze om’t it oarspronklik yn bestjoeringssysteem Linux draait. It Frysk docht al sûnt 2005 mei. Net altyd alhiel mei sukses, want we ha der ek al in pear kear njonken stien, doe’t wy net oan de minimale easken foldwaan koenen.
    Op http://www.kde.nl/ is mear ynformaasje te finen.


  9. JB
    23 july 2010 18:35

    hoe fyn ik dit op Facebook en stiet dêr ek wat it Fryske wurd foar Facebook is?


  10. Berend Ytsma
    27 july 2010 13:44

    ûnderoan de facebookside stiet
    Facebook © 2010
    Mei dêrefter de taal dy’t brûkt wurdt.
    Klik derop en kies foar Frisian.

    En nee, it wurd facebook ha se (noch) net omset.


  11. Geart van der Meer
    21 augustus 2011 18:27

    Ik brûk al lang it Frysk op Facebook, mar der steane nuvere fouten yn, lykas ‘X fyndt dit leuk’. Dat, wêr ha wij it no oer?


  12. Redaksje
    21 augustus 2011 20:53

    @geart van der Meer,
    Jo ha in goed punt. It is sa dat Facebook technyske problemen hat. It is net mooglik om op dit stuit flaters te ferbetterjen en nije wurden oer te setten. It projekt leit eins stil en net ien wit hoe’t it fierder moat. Echt goed kontakt krije mei de minsken fan Facebook is dreech. Se krije eltse dei tûzenen mails en wy witte net it telefoannûmer fan bygelyks Marc Zuckerberg (betinker Facebook)


  13. mbc84
    21 augustus 2011 21:12

    Ja, sokke flaters wienen my ek al opfallen. Der stiet ek earne ‘froenen’ ysf ‘freonen’, ik fyn it in griis, dizze wurden! Mar nearne kin dit oanpast wurde! Skande.

    Fierders fyn ik it hearlik FB yn it Frysk te hawwen, it makket it suver ‘echter’ foar my. Einlings kriget myn memmetaal syn gerak yn it sosjale mediaferkear!

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic