Fêste bêdtiid wichtich foar bern
tongersdei 10 juny 2010
SAN ANTONIO – Bern moatte in fêste bêdtiid hawwe. Dat sei sliepûndersykster Erica Gaylor earder dizze wike op it kongres SLEEP 2010 yn it Amerikaanske San Antonio. Der binne in protte faktoaren dy’t de ûntwikkeling fan bern bepale, mar der is ien dy’t men ûnmooglik oer de kop sjen kin: in fêste tiid om op bêd te gean. Bern mei fêste bêdtiden dogge it op skoalle folle better as bern dy’t alle jûn om in oare tiid sliepe meie. De ûndersykster hat sjoen nei it begryp fan taal, it praten, nei it hearren fan klankferskillen, nei de lêsfeardigens en nei it rekkenjen. Op al dy feardichheden wie it effekt fan in geregeld sliepen dúdlik te sjen.
Ek sjen:










Lútsen
10 juny 2010 13:43
It falt op dat de wittenskip faak befêstiget wat pake en beppe al seinen.
FDV
10 juny 2010 13:57
Faak, mar net altyd. Dat is it moaie fan wittenskip!