Fjouwer winners Spinozapriis

tiisdei 8 juny 2010

SpinozaROTTERDAM – De wichtichste Nederlânske ûndersykspriis, de Spinozapriis, giet dit jier nei trije wittenskippers út Leien en ien út Utert. Elk fan de ûndersikers kriget in bedrach fan 2,5 miljoen euro om te besteegjen oan fierder ûndersyk. Dêrnjonken krije se allegear it njonkensteande byldsje fan de nammejouwer, de Nederlânske filosoof Baruch Spinoza.

Priiswinner Naomi Ellemers wurket by de universiteit fan Leien as sosjaal psycholooch. Dêr docht se ûndersyk nei de ferhâldingen tusken minsken yn organisaasjes. Se sjocht nei de effektititeit fan gearwurking en nei statusferskillen tusken groepen meiwurkers.

Ineke Sluiter, heechlearaar Gryksk, hat de lêste tiid geregeld yn it nijs west yn ferbân mei har advizen oer de reorganisaasje fan it gymnasium. Njonken taalkundich ûndersyk docht se ûndersyk nei wearden en noarmen yn it âlde Grikelân.

Astronoom Marijn Franx is de tredde Leidske ûndersiker dy’t yn ‘e prizen falt. Hy kriget de priis foar syn ûndersyk nei it ûntstean en de groei fan stjerrestelsels. As ien fan de earste stjerrekundigen fan ‘e wrâld makket Franx stúdzje fan de alderâldste stjerrestelsels yn it hielal. Troch nije techniken is it no mooglik om dêr foto’s fan te meitsjen.

De iennichste ûndersiker út Utert yn it fjouwertal is skiedkundige Piet Gros. Hy wurket mei oan de ûntwikkeling fan in medisyn dat helpt tsjin hert- en iersykten en reuma.

De Spinozaprizen wurde alle jierren útrikt troch de Nederlânske organisaasje foar wittenskiplik ûndersyk NWO. Se wurde fan ‘t hjerst op in feestlike byienkomst útrikt.

Ek sjen:

  1. Antykonsepsjepil foar manlju
  2. Nij middel foar tbc
  3. Lichem beskermet kankersellen
  4. Mankelyk brein reparearje
  5. Genêsmiddels by bern ûndersocht

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic