Foetus fielt gjin pine

sneon 26 juny 2010

harsensLONDEN – Minsklike foetussen fan 24 wiken hawwe noch gjin senuwstelsel dat yn steat is om pynsinjalen te ferwurkjen. Dat seit in groep Britske wittenskippers ûnder lieding fan perfester Allan Templeton, haad fan it Ingelske keninklik kolleezje fan frouljusdokters.

Templeton en syn minsken hawwe op fersyk fan it Ingelske ministearje fan folkssûnens in ûndersyk út 1997 op ‘e nij besjoen. Dêr die út bliken dat it senuwstelsel fan in foetus it earst yn de 26e wike mooglik makket om pine te fielen. It ûndersyksferslach lei lykwols geregeld ûnder fjoer fan anty-abortusaktivisten. Templeton syn tiim jout syn foargongers no gelyk.

De ûndersikers konkludearje fierders dat in foetus troch stoffen yn it memmeliif altyd sliept of ferdôve is.

Klik hjir om it ûndersyksferslach fan Templeton-en-harren te lêzen (PDF-bestân).

Ek sjen:

  1. Wichtige ûntdekking oer pine ALBANY – Minsken fiele pine op mear as ien manier,...
  2. Man ûntspant by grizelfilm, frou fielt stress LONDEN – Manlju en froulju sjogge hiel ferskillend nei grizelfilms....
  3. Pine sit tusken de earen OXFORD – Alle medisy binne bekend mei it plasebo-effekt, it...
  4. Gjin kanker mear troch ekstra gen MADRID – Spaanske wittenskippers hawwe mûzen fokt dy’t gjin kanker...
  5. Leafde hat gjin ferlanglistje EVANSTON – Frijfeinten en -fammen hawwe gauris in soad oan...

Reacties zijn gesloten.

Realisaasje: Pronamic