Friesendroapen grut sukses
tiisdei 1 juny 2010
HELGOLAN – It trijejierlikse festival Friesendroapen op Helgolân is poerbêst beteard. Der wienen it ôfrûne wykein goed trijehûndert besikers fan de fêstewâl nei it Fryske rotseilân ta kommen. Dat docht de Noardfryske stjoerder Nais foon diling te witten. Mei troch optredens fan de Fryske sjongster Grytsje Kingma, de Boazumer jongereindûnsgroep Enqvist en Frysktalige muzyk fan de Switserske muzikant Rob Faltin wie it festival tige slagge.
Der wie ek in grut ferskaat oan muzyk en dûns út Noard-Fryslân te sjen. Boargemaster Frank Botter naam it earste eksimplaar fan in nije plattegrûn fan de Fryslannen yn ûntfangst.
De ynterfryske sportolympiade waard wûn troch in Westerlauwersk Fryske ploech ûnder lieding fan Siebren Dyk. Dêrby moast Tjallien Kalsbeek út Grou mei in ankelblessuere yn it sikehûs opnommen wurde.
Ek sjen:
- Into the Grave grut sukses, kommend jier wer! LJOUWERT – De sfear op it metalfestival Into the Grave yn...
- De smearlappen-jûn grut sukses Op woansdei 1 desimber wie der yn de bibleteek fan...
- Fryske Donald Duck grut sukses Alle 30.000 (tritichtûzen!) eksimplaren fan de Fryske Donald Duck binne...
- Dokumintêre Friesendroapen op TV It eilan Helgolân makke diel út fan it âlde Fryslân...
- Frank Botter stapt op Boargemaster Frank Botter fan Helgolân hâldt der yn septimber mei...








