Friezen en Denen demonstrearje

sneon 26 juny

SleeswykHolsteinFLENSBURCH – Yn sân plakken yn Sleeswyk-Holstein binne minsken hjoed de dyk op gongen om te protestearjen tsjin de besunigings op ‘e Deensk- en Frysktalige skoallen yn de dielsteat. It regear wol 15% op de skoallen besunigje. Yn Flensburch, Eckernförde, Süderbrarup, Sleeswyk en de Noardfryske plakken Hüsem, Westerlân/Wäästerlön en Leek wienen protestoptochten en -taspraken. Fan Eckernförde nei Borby wurdt in minsklik ketting makke. Perfester Thomas Steensen, direkteur fan it Nordfriisk Instituut, liet juster yn de krante Flensborg Avis noch witte dat it net earlik is om de ekonomyske krisis foar sa’n grut part op de skouders fan de minderheden te lizzen.

Troch de plende besunigings is it fuortbestean fan 22 fan de 48 Deensk- en Frysktalige skoallen yn Sleeswyk-Holstein faai. De demonstrearders beklamje dat de besunigings net allinnich kultureel fan aard binne, mar ek op kosten giet fan it ûnderwiis dat de Deensktalige en Frysktalige bern krije. Hja moatte it aansen dwaan mei 85% fan wat der foar Dútsktalige bern yn it ûnderwiis beskikber is.

Net allinnich de minderhedeskoallen wurde troffen troch de besunigings. It Sleeswyk-Holsteinske regear wol ek de universiteit yn Flensburch degradearje ta in hegeskoalle. Ynstituten lykas it Nordfriisk Insituut krije nei alle gedachten ek mei besunigings te krijen. Troch sokke maatregels komt Sleeswyk-Holstein noch mear oan it fuottenein fan Dútslân te lizzen, seit Thomas Steensen.

Klik hjir foar de site fan protestgroep 100prozent.

Ek sjen:

  1. Denen lilk om taalbelied Kiel
  2. Optocht foar behâld universiteit
  3. Flensburger universiteit faai
  4. Gemeentlike gearwurking moat oars
  5. Bettere Noardfryske diken

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic