Frijwillich
woansdei 2 juny 2010
Oeral dêr’t frijwilligers wurkje, is de sfear opperbêst. De lju fermeitsje har, pleagje elkoar, helpe elkoar as der in knoffelhakke bysit (betanke jonges!) en se litte sjen dat se wille ha mei de dingen dy’t se dogge.
Jild kin in soad stikken meitsje. It is krekt as wannear’t der jild by komt, dat der ynienen oare regels jilde. Ynienen hoecht it net mear mei wille dien te wurden, want dêr giet it dan net mear om. Suchtsjend meitsje de slaven fan jild en wurk harren dagen fol.
In lege ponge is fansels as in lûs op dyn baitsje, mar asto genôch hast, is it genôch en dan kinst fierder dwaan wat ast wolst. Mei wille. Asto ferstannich bist.
Jild is ta nut as it ferspraat wurdt, oer in grut tal minsken, dan fansels.
It moaiste soe wêze as net ien op de wrâld mear hoegde te wurkjen foar it jild, mar dat der genôch wie foar iderien, en dat alles frijwillich dien waard.
Neffens my soe it kinne. Minsken folje elkoar oan. Elk hat syn eigen mooglikheden. Elk mei der wêze.
No, noch ien dan.
Jins eigen fleis en bloed is mear as jild en goed.
Klaske Hiemstra
Ek sjen:








