Frysk ferstean personiel feartsjinsten

moandei 28 juny 2010

waadeilanenFryske beweging: Frysk ferstean personiel feartsjinsten yn nije konsesje

LJOUWERT – De Ried fan de Fryske beweging wol dat it personiel op de feartsjinsten nei de Fryske waadeilannen yn alle gefallen Frysk ferstean kin. Dat skriuwt de Ried yn in offisjele ynspraakreaksje foar de nije konsesje fan de feartsjinsten. In soad reizgers op de fearboaten komme út Fryslân. Minsken dy’t alle dagen Frysk prate en ek fan iepenbier ferfiermaatskippijen ferwachtsje dat sy dêr Frysk prate kinne. It is neffens de Ried wichtich dat by rampen en yn panyksituaasjes it personiel de reizgers ferstean kin omdat Friezen har dan earder yn har eigen taal uterje sille.

De Ried sjocht de fraach om it Frysk ferstean troch it personiel as in formalisearring fan wat al gongber is en alle dagen dien wurdt. Yn ‘e praktyk wurdt ûnderling en mei it personiel al in soad yn it Frysk op ‘e boaten praat. Fierder wiist de Ried derop dat by oare ferfierskonsesjes yn Fryslân ek frege waard om personiel dat yn alle gefallen it Frysk ferstean koe.

De Ried stiet der fierder op oan dat de skriftlike ynformaasje yn ‘e loketten fan de Klanteservice net allinnich yn it Nederlânsk, Ingelsk en Dútsk mar ek yn it Frysk is. Dat net allinnich út in eachpunt fan klantfreonlikens wei, mar ek om’t it in lytse muoite is om de ynformaasje dy’t oanwêzich is noch yn it Frysk oer te setten. De kosten binne faak leech (mar € 0,12 it wurd troch goede oersetters) en klanten en oerheden yn Fryslân sille dat tige op priis stelle.

Ek sjen:

  1. Frysk ferstean op de feartsjinsten is dochs it minste LJOUWERT – De Ried fan de Fryske beweging wol dat...
  2. Frysk ferstean ferplichte Frysk ferstean ferplichte by oanbesteging húshâldlike help Achtkarspelen Op de gearkomste...
  3. Wol de Ljouwerter Krante administraasje gjin Frysk ferstean? Doe’t wy goed twa moanne lyn werom kearden nei it...
  4. D66: ‘net anty-Frysk’ LJOUWERT – D66 is gjin anty-Fryske partij, fynt de partij...
  5. Mear Frysk yn Gaasterlân-Sleat De gemeenteried fan Gaasterlân-Sleat hat 29 novimber 2011 in beslút...

2 reaksjes op “Frysk ferstean personiel feartsjinsten”


  1. Erwin
    29 juny 2010 06:51

    En oars mar boykotte dy eilannen. Der binne in protte Friezen dêr op dy boaten.


  2. wokke de ruiter
    6 juny 2011 11:08

    It sprekt fansels dat sy frysk net allinne ferstean mar ek prate kinne.. Sa ek fansels is frysk sprekkend by alle oerhiden yn Fryslân.

    Somstiids makket it my yngreven, altyd dy striid om ùs taal.. Wy besykje dochs ek de taal te sprekken fan it lân dat wy beyikje!

    Mar foaral yn it lân der `t wy ùs ta wenjen en wurkjen setten ha.

    Gewoan troch gean en folhâlde.

Realisaasje: Pronamic